Yn de lêste kwart ieu hat der trije kear in exposysje west, wer yn it wurk fan Harmen van der Bij foar it fuotljocht brocht waard.
Op Himsels 2002
Yn 2002 organisearre de stifting “Het Behouden Huis” de allerearste exposysje. Mei de assistinsje fan Rein Halbesma waarden der 24 tekeningen útsocht, dy’t it wat minder bekende wurk fan ‘master’
Harmen van der Bij fertoanden, mei as titel “Op Himsels” De exposysje waard hâlden fan 21 jannewaris o/m 28 febrewaris en wie te sjen yn de hal fan it gemeentehûs.
Keunstkrite 2013
Stifting Keunstkrite kaam yn it kader fan it 675-jierrich bestean fan de gemeente Achtkarspelen mei trije exposysjes op trije ferskillende lokaasjes en fan Harmen van der Bij waarden 16 wurken útsocht fan benammen “ryksmonuminten” om op te hingjen yn de grutte hal fan it Gemeentehûs yn Bûtenpost
De exposysje waard iepene troch wethâlder Marten van der Veen op 1 oktober en wie te besjen oan’t 31 oktober 2016.
Pilat&Pilat 2025
De tredde exposysje wie op initiatief fan Gjalt Pilat. Nei in oprop yn de Nijsbrief waard in diel fan de tekeningen oanlevere troch bewenners fan Twizel. Christien van der Veen makke de foto’s fan de hoeddeiske siuaasje út itselde perspectief as de tekening. Dizze bysunder kominaasje fan tekening, zwart/wyt foto en in (soms hiel persoanlik) ferhaal wie te sjen by Pilat&Pilat fan 23 augustus oan’t 20 desimber 2025.